Rûte oer de Hendrik Algrawei definityf ticht

De trochgeande rûte fia de Hendrik Algrawei by Goutum wurdt takom wike freedtejûn (8 desimber) definityf ôfsletten. De fysike ôfslutingen komme by de krusing fan Goutum mei de Hendrik Algrawei en by de spoartunnel. It stik fan de Hendrik Algrawei tusken it spoar en de Newtonwei bliuwt iepen foar it lânbouferkear.
De dyk soe al earder ôfsletten wurde, mar dat waard útsteld om't guon projekten fertraging oprûnen.