Omrop-kollega Dirk Baron (37) ferstoarn

28 nov 2017 - 17:00

"Us kollega Dirk Baron is fan 'e moarn op 37-jierrige leeftiid ferstoarn. Dirk hie alzheimer. In wike lyn siet ik noch by him thús op de bank. Neist my siet in op it earste gesicht jonge en sûne keardel. Je koene net oan him sjen dat hy slim siik wie. Ja, syn taalgebrûk wie net altyd like helder, mar der siet wol in jonge dy't wist wat er woe. It wie foar him dúdlik. Hy woe net deselde gong gean as syn heit. Dy hie ek op jonge leeftiid alzheimer krigen en dy ûnderfining wie foar Dirk traumatysk. Hy woe perfoarst net dat wat hy mei syn heit meimakke hie, syn eigen bern ek oerkomme soe. Alles wie goed trochpraat en syn beslút stie al lang fêst. Hjoed hat Dirk ôfskied nommen fan it libben.

"Eindelijk weer eens een mooie stem op de radio." Dat wie de earste reaksje fan âld-kollega en audio-technikus Bert Hooijer doe't hy Dirk foar de earste kear as nijslêzer foar de radio hearde. Hy hie gelyk. Dirk wie in echte nijslêzer en presintator. Syn moaie, donkere stim, mar ek syn wize fan lêzen en yntonaasje wiene direkt goed.

Dirk begûn yn 2002 op de radioredaksje fan Omrop Fryslân as redakteur/ferslachjouwer. Troch de jierren hinne ûntwikkele hy him hieltyd mear as sjoernalist en radiomakker en wie in oanwinst foar de nijsredaksje. Dirk wie sosjaal, hie in protte humor, reagearre bytiden ûnfersteurber en makke tusken noas en lippen troch skerpe en rake opmerkingen.

Wichtich ynstrumint yn syn wurk wie syn moaie donkere stim en dat late der al gau ta dat hy radiopresintator waard. Begjin 2004 makke Dirk syn presintaasjedebút. Dirk wie in natuertalint. Yn 2008 makke hy in logyske folgjende karriêrestap as nijslêzer fan it telefyzjesjoernaal Hjoed. Hy striele rêst út op telefyzje en kaam betrouber oer yn de húskeamer.

Yn 2013 naam Dirk ôfskied fan de presintaasjetsjinsten en waard folslein nijsferslachjouwer by radio en telefyzje. In bewuste kar. Dirk woe it telefyzjefak leare en wer op 'en paad as ferslachjouwer foar de radio. It leartrajekt ferrûn lykwols dreech. Yn de maitiid fan 2015 fertelde hy my dat hy him ûndersykje litte woe op alzheimer. Syn heit wie dêr, op jonge leeftiid, oan ferstoarn. In lyts healjier letter kaam de definitive diagnoaze en befêstiging. Oant dizze simmerfakânsje hat Dirk noch op de redaksje fan Omrop Fryslân wurke, mar doe koe it net mear.

Dirk wie in hiel noflike kollega, wie entûsjast en hie in protte humor. Hy wie der grutsk op dat hy by de Omrop wurkje mocht en wat die it him sear doe't hy fan 't simmer ôfskied fan dit bedriuw nimme moast. Hy woe hjir ek noch lang net wei.

Yn septimber, op de Wereld Alzheimer Dag, wie der by de Omrop in dokumintêre te sjen oer Dirk Baron en syn sykte. Yn dy dokumintêre, makke troch Murk Jaep van der Schaaf, wie hy tsjinoer ferslachjouwer Raynaud Ritsma hiel resolút. "As ik yn de buert fan de grins kom dat ik net mear sels oer myn wil beskikke kin, dan wol ik dat der eutanasy tapast wurdt. Ik wol net dat wat my mei myn heit oerkommen is, ek myn bern oerkomt."

Twa wike lyn wie Dirk even werom op de redaksje fan de Omrop. Hy wie direkt wer op syn gemak, as hie er noait fuort west. Hy siet fol praatsjes en wie hjir hast net fuort te krijen. It wie syn habitat dêr't er him thús en wolkom fielde. It wie syn ôfskied fan de kollega's fan de Omrop.

Uteinlik hat Dirk yn oerlis mei syn frou Dieke in ûnmooglike kar meitsje moatten. Hy moast sels bepale wêr't syn grins wie. En dat moast foardat de sykte him oer de grins fan selsbeskikking brocht. Want dan wie it te let en soe hy net mear wilsbekwaam wêze en wie eutanasy net mear mooglik. Dirk hat syn kar by folle ferstân moannen lyn al makke. In ûnmooglike kar, mar tagelyk ek net te leauwen sterk en dapper.

In wike lyn ha ik ôfskied nommen fan Dirk. We wisten beiden dat it de lêste kear wie dat we elkoar rjocht yn de eagen seagen en dat Dirk hjoed definityf ôfskied nimme soe. Wurden hie ik net. In stevige hândruk, in klap op 't skouder, triennen yn de eagen..."

Sybren Terpstra, einredakteur Omrop Fryslân

Trefwurden: 
Dirk Baron Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)