Soarchgroep Liante yn Easterwâlde krijt nije direkteur

28 nov 2017 - 12:53
Anneke Groenenberg, de nije direkteur-bestjoerder fan soarchgroep Liante

Soarchgroep Liante yn Easterwâlde krijt mei yngong fan 1 desimber in nije direkteur. Anneke Groenenberg nimt it stokje oer fan ynterim-bestjoerder Aukje van Kalsbeek, dy't goed in jier ferlyn úteinsette mei in oare koers by de organisaasje. De nije direkteur sjocht der nei út om dy koers troch te setten.

Neffens Groenenberg lizze der noch in soad útdagingen. "Er is een koers uitgezet met een duidelijke positionering voor toekomstbestendige zorg voor kwetsbare ouderen in de regio Zuidoost-Fryslân. Er liggen nog veel uitdagingen en hier ga ik vol overtuiging mee aan de slag samen met medewerkers, bewoners/cliënten en hun vertegenwoordigers en vrijwilligers."

Soarchgroep Liante hat alve lokaasjes foar âldereinsoarch yn Súdeast-Fryslân. Der wurkje sa'n 700 minsken by de organisaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)