Fúzje De Friesland mei Zilveren Kruis giet troch

Soarchfersekerder De Friesland yn Ljouwert fusearret mei yngong fan 1 jannewaris definityf mei Zilveren Kruis. Ljouwert bliuwt foar de soarchfersekerder wol de kearnlokaasje. Ferline wike waard der troch de meiwurkers noch demonstrearre tsjin de fúzje. Dêrby waard ek in petysje oanbean dy't troch mear as 400 minsken tekene wie.
De wurknimmers binne benaud dat der banen ferlern gean. De Friesland kin dit net útslute, mar seit dat dit pas takom jier bekend wurde sil. Wol kinne minsken dy't no yn Ljouwert wurkje yn de stêd bliuwe. Se hoege net nei in oare lokaasje. Meiwurkers út Zwolle moatte mooglik wol ferhúzje nei Ljouwert. Der folgje noch petearen mei de ûndernimmingsried om de eigenheid fan De Friesland te garandearjen.