Fryske kezinen yn stjoermêst

31 okt 2011 - 10:37

Meiwurkers fan kezinebedriuw Jansma Burdaard sille dizze wike oan de slach mei in bysûnder projekt. Se sille de kezinen pleatse foar de stjoermêst by Hoogersmilde. Dy rekke earder dit jier swier skansearre by in brân.

De kezinen yn it provinsjaal monumint moatte op maat makke wurde. De meiwurkers wurkje mear as 50 meter boppe de grûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)