Persoanlik drama foar trainer Marinus Dijkhuizen

Marinus Dijkhuizen sjocht syn ûntslach by SC Cambuur as in 'persoonlijk drama'. Nei de nederlaach tsjin FC Eindhoven (2-1) hat de direksje tiisdei besletten om Dijkhuizen te ûntslaan. Dat docht him wat: "Ik heb veel gevoel bij de club." Mei it santjinde plak yn de Jupiler League binne de prestaasjes teloarstellend. Dat jout ek Dijkhuizen ta. "We staan te laag en missen kwaliteit op cruciale posities. Ik had het gevoel het tij te kunnen keren, maar die tijd is me niet gegund", sa seit de emosjonearre Dijkhuizen, dy't as spiler ek jierren yn Ljouwert spile.
Earder waard Dijkhuizen ek ûntslein by NAC Breda en it Ingelske Brentford. No dus ek by Cambuur. "Je denkt wel eens: 'wil ik dit wel?' Maar ik kom er wel weer bovenop."