Fjochterij yn Ljouwert: ien oanhâlding, ien ferwûne

© ANP XTRA
By in fjochtpartij yn de buert fan opfangorganisaasje Zienn oan de Oostergowei yn Ljouwert is tiisdeitemoarn in 38-jierrige man ferwûne rekke. De plysje ried manmachtich út, sette de dyk foar in diel ôf en hat fierderop yn de stêd in 48-jierrige fertochte oanhâlden.
It slachtoffer is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de fjochterij.