UPDATE: Wettersteuring yn Ljouwert oplost

28 nov 2017 - 10:56

Troch wurksumheden oan de wetterlieding ha dielen fan Ljouwert tiisdeitemoarn in skoft gjin wetter of minder druk op de wetterlieding hân. Wetterliedingbedriuw Vitens wie yn de omjouwing fan de Rembrandtstrjitte dwaande mei it ferfangen fan brânkranen. Om alve oere hinne wie de wettersteuring oplost.

Op de webside waterstoring.nl kin de aktuele stân fan saken by wettersteuringen folge wurde.

(advertinsje)