Ljouwerter winkeldief oppakt

28 nov 2017 - 10:25
Plysje - Foto: ANP

De plysje yn Ljouwert hat moandei in 27-jierrige winkeldief út de stêd oanholden. De man hie guod stellen út in winkel oan de Fuormanderij yn Hurdegaryp. Hy naaide út op in brommer. De plysje hold de man oan op 'e Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. De man hie in boksbûgel by him. Der is boppedat in bloedproef by de man ôfnaam, omdat tocht wurdt dat hy ûnder ynfloed fan drugs wie.

Trefwurden: 
winkeldief stellerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)