Marinus Dijkhuizen net langer trainer fan SC Cambuur

28 nov 2017 - 09:36

Marinus Dijkhuizen is gjin haadtrainer fan SC Cambuur mear. Oanlieding foar it ûntslach binne de teloarstellende resultaten fan de klup ûnder lieding fan Dijkhuizen, dy't sûnt de simmer by de Ljouwerters aktyf wie. "We staan voor belangrijke weken en we twijfelden aan het perspectief. Dan is dit het gevolg", seit technysk-direkteur Gerald van den Belt oer it ûntslach fan Dijkhuizen. "Drie keer winnen in vijftien wedstrijden is te weinig met deze groep."

Van den Belt is de haadferantwurdlike foar it gearstallen fan de seleksje. Hy lûkt sels ek it boetekleed oan. "Ik voel mezelf ook schuldig, maar het is niet zo dat we een slechte groep hebben." Ut de seleksje wei binne gjin sinjalen kaam dat se klear binne mei Dijkhuizen, sa seit Van den Belt.

Algemien direkteur Ard de Graaf jout ta dat dit net goed is foar Cambuur. "Dit is een nederlaag voor iedereen en de gehele club."

De assistint-trainers Sipke Hulshoff en Jan Bruin nimme de taken earst oer. Cambuur sil him de kommende tiid beriede oer de fierdere ynfolling fan de technyske stêf.

Cambuur stiet op dit stuit op it santjinde plak Jupiler League. De ploech hat 14 punten út 15 wedstriden. Oant no ta waard der mar trije kear wûn. Moandeitejûn ferlear Cambuur yn Eindhoven mei 2-1. Freed spilet Cambuur yn it eigen stadion tsjin de nûmer fjouwer Telstar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)