Kollum: "As in man in hiele kokosnút opyt"

28 nov 2017 - 08:47

"Om mei te begjinnen earst it motto fan dizze kollum: ‘As in man in hiele kokosnút opyt, hat dy wol fertrouwen yn syn anus’. Was getekend: Robert Mugabe, eks-presidint en eks-diktator fan Simbabwe. Humor komt dus út ûnferwachtse hoeken, woe ’k mar sizze.

Der begjint him in opfallend elemint yn ús maatskippij ôf te tekenjen. En dat is net allinne fan de lêste wiken. Eins behein him dat ek net ta Nederlân. No’t ik deroer neitink is it faaks in wrâldwiid probleem oan it wurden. Neffens my ha wy te krijen mei in skrinend tekoart oan humor. It kin sa stadichoan neat mear skele wêr’t de diskusjes oer gean; it discours is altyd swier, lûd, agressyf en deaserieus. Wylst de minske oars de iennichste soart wie dy’t him troch humor fan de rest fan de bistewrâld ûnderskiede.

Komt it troch de klimaatferoaring dat humor út ús systeem rekket? Troch tefolle stamppot soerkoal? Of in oerdoasis Trump, Kim Jung-un en Erdogan? Miskien ek wol troch de Social Justice Warriors, dy’t de wrâld sa graach yn swart/wyt ferdiele meie, yn goed en ferkeard. Hoe dan ek mar: it is in gegeven dat humor net mear as in drol op strjitte leit. En dat is in spitige konstatearring. Want humor kin lichtens en luchtichheid yn kwestjes bringe. Kin, as it hiel goed brocht wurdt, foar begryp en ferbûnens soargje. Sterker: it kin diktators en presidinten mei diktatoriale trekjes hiel senuweftich meitsje. Tink bygelyks oan Trump dy’t Saturday Night Live deatwitterje wol, of oan Erdogan dy’t de Dútske komyk Jan Böhmermann yn de sel smite woe. Dat hie oars dûbeld spitich west, want in Dútser mei humor: it bliuwt like seldsum as in Gordon mei fêste ferkearing.

Elkenien hâldt hjoed-de-dei it eigen gelyk as in findel foar him út. Mei strakke en stûfe koppen bletterje se harren wierheid fier yn ’t rûn. De hiele skiednis fan de minskheid moat by foarkar oan harren eigen mjitstêven oanpast wurde. It mearke fan Doornroosje wie dêr foarige wike in foarbyld fan. Neffens in mem yn Ingelân moediget it mearke ‘onaanvaardbaar gedrag’ oan. Se doelt dêrmei op de prins dy’t sûnder tastimming Doornroosje wekker tutet. Troch sa te hanneljen makket de prins him skuldich oan seksueel misbrûk. Se rôp de skoalle sels op om it boek út de kolleksje te ferwiderjen. Nee, mem út Ingelân, it mearke is gjin ynstruksjeboekje. De skoallieding hat dêr trouwens op âld-Ingelske wize by in bakje tee oer neitocht en doe besletten om it boek yn de kolleksje te litten.

Dat soe ek in moaie boel wurde. Wat oars te tinken fan ‘Sneeuwwitje en de zeven dwergen’ (beledigjend foar lytse minsken), fan ‘Eendje Kwak kookt zijn eigen potje’ (in ferwizing nei manlike floeistoffen dy’t te seksueel en te útwrydsk is…).

It is noch gjin 2018, mar it soe moai wêze as de hiele wrâld him takom jier ien ding foarnimt: net alles sa serieus opfetsje, mear glimkje en mear laitsje. Eins trije dingen. Mar mei dy trije dingen wol ik mar sizze: Allinne humor kin ús rêde!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)