Roeiboat toproeister Inge Janssen yn de berm by Snits

28 nov 2017 - 08:24

It wie in nuver gesicht, moandeitemiddei. In djoere profesjonele roeiboat yn de berm lâns de dyk by Snits. Dy fynst die Elisabeth Zwerver fan Turns. It die ek noch ris bliken dat it de boat fan toproeister Inge Janssen is, dy't foarich jier sulver wûn op de Olympyske Spelen yn Rio. De roeiboat fan sa'n sân meter wie troch de ferfierder grif net goed fêstsetten op de auto. Foar Inge Janssen in gelok dat de skiff amper skea oprûn hat. Dizze wike krijt se har roeiboat werom.

Trefwurden: 
roeiboat Inge Janssen
(Advertinsje)
(Advertinsje)