Man slim ferwûne nei fal by survival

© Compact Media, Remon Koene
In man dy't meidie oan in survival oan de Kleasterkamp yn Bakkefean is moandeitejûn slim ferwûne rekke. It slachtoffer soe fan grutte hichte fallen wêze. Fanwege de slimme ferwûningen waard de traumahelikopter alarmearre. Mei help fan omstanners is it slachtoffer op in brankaar nei de ambulânse brocht. Dy hat it slachtoffer nei it sikehûs yn Drachten brocht.