Trijetal kriget medalje foar rêden frou út auto yn sleat

Age Amsterdam, Watze Piet Jorna en Peter Griepsma hawwe moandei yn it gemeentehûs fan Littenseradiel de brûnzen medalje fan de Maatschappij tot Redding van Drenkelingen krigen. Op 3 maart fan dit jier hellen se mei har trijen Sjoukje Bloem út it wetter. Sy wie op de Westergoawei ûnderweis nei har wurk fan de dyk rekke en yn de sleat bedarre. It slagge har net om sels út de auto te kommen. De gordel siet te strak en dy koe se net los krije. Yn de auto mei de holle krekt boppe wetter slagge it har de tillefoan te pakken en 112 te beljen.
Op itselde momint hearde se in plons njonken de auto en begûn se lûd te roppen. De trije manlju hiene de auto yn it wetter lizzen sjoen en hiene fuortendaliks troch dat der wat slims oan de hân wie. Mei in soad muoite slagge it harren om Sjoukje Bloem út de gordel te krijen en op it drûge te helpen. Wêr't Age Amsterdam, Watze Piet Jorna en Peter Griepsma it meast benaud foar wiene wie dat der noch bern yn de auto sitte soene. Dat wie net sa.
Foar de aksje bin de trije manlju foardroegen foar in medalje fan de Maatschappij tot Redding van Drenkelingen. Dy krigen se moandei útrikt út hannen fan boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel. Mei Sjoukje Bloem giet it goed. Se hat noch ien kear oer it ûngelok dreamd en dêrnei wie it oer. Se is noch al benaud yn de auto, want se sjocht oeral gefaar yn en kin net ûntspanne.