Cambuur yn ekstremis ûnderút yn Eindhoven

27 nov 2017 - 21:57

Sportklup Cambuur hat moandeitejûn yn blessueretiid de útwedstriid by FC Eindhoven ferlern. Yn de spielende rein waard it 2-1 foar de Brabanners.

Cambuur kaam nei tolve minuten spyljen op efterstân troch in doelpunt fan Tibo van de Velde. De Ljouwerters krigen fuortendaliks de kâns op de lykmakker, mar Kevin van Kippersluis rekke de peal. Beide ploegen skoarden net mear yn de earste helte, sadat Cambuur mei in 1-0 efterstân de klaaikeamer opsocht.

Yn de twadde helte naam Cambuur it inisjatyf en gie op syk nei de lykmakker. Lang hoegden de Ljouwerters net te wachtsjen, want Martijn Barto skoarde yn de 54e minút de fertsjinne 1-1. In foarset fan Xander Houtkoop waard troch Doriano Kortstam foar de fuotten fan Barto kopt, wêrnei't de spits de bal binnen tikje koe.

Cambuur sette dêrnei mear druk op de ferdigening fan Eindhoven. Yn de spannende einfaze hienen beide ploegen kâns op de oerwinning. Eindhoven gie ek fol foar de winst en krige in oantal grutte kânsen, mar Cambuurkeeper Erik Cummins rêde kear op kear. Yn de blessueretiid krige Eindhoven in strafskop takend nei in oertrêding fan Omar El Baad, dy't der feilleas yn gie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)