Stekken begraafplak Nijlemmer stellen

De izeren tagongsstekken fan it begraafplak yn Nijlemmer binne stellen. Neffens Nicolien Sijtsema, dy't njonken it begraafplak wennet, binne de stekken yn de nacht fan snein op moandei meinaam. Se waard wekker om't se wat hearde, mar seach doe neat. Moandeitemoarn belle Sipke de Jong fan de stichting Doarp Nijlemmer dat de stekken stellen wiene. Nicolien Sijtsema is der o sa mei oan: "Het raakt mij, want het maken van herinneringen op de begraafplaats begint bij het openmaken van deze prachtige hekken."
By de plysje is oanjefte dien fan de stellerij en op sosjale media is oproppen om út te sjen nei de stekken.