Ferwûne by ûngelok op A7 by De Tynje

By in auto-ûngelok op de A7 by De Tynje is moandeitejûn in persoan ferwûne rekke. Twa auto's botsten opelkoar, wêrnei't ien fan de auto's op 'e sydkant yn de sleat bedarre. De oare auto slipte de berm yn.
De ferwûne persoan is mei noch ûnbekend letsel mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk op it plak fan it ûngelok. De rjochter rydbaan fan de A7 rjochting It Hearrenfean is dêrom ôfsletten foar ferkear.