Swimdiploma-organisaasje kontrolearret swimbad Stiens

28 nov 2017 - 06:00

Swimbad It Gryn yn Stiens wurdt tiisdei besjoen troch in karmaster fan it Nationaal Platform Zwembaden. Dy organisaasje giet oer de swimdiploma's. De karmaster sil besjen oft de swimlessen yn It Gryn foldogge oan alle easken. Dy easken binne fernijd. De swimbaden hawwe it noch oant 1 jannewaris oan tiid om dêroan te foldwaan.

It swimbad yn Stiens is al hielendal klear foar de keuring, seit Joke Dijkstra fan it  swimbad.

Trefwurden: 
It Gryn swimbad Stiens
(advertinsje)
(advertinsje)