Ljouwert fiert weryndieling mei nijjierskonsert

27 nov 2017 - 20:44

De gemeente Ljouwert organisearret foar 3 jannewaris in feestlik nijjierskonsert yn stedsskouboarch De Harmonie. It konsert wurdt oanbean om de weryndieling fan de gemeente mei Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel te fieren.

It nijjierskonsert wurdt fersoarge troch it Nederlands Blazers Ensemble en Kening fan 'e Greide. Sintraal by it konsert stiet de skries. It konsert wurdt direkt nei de nijjiersresepsje hâlden, dy't ek yn De Harmonie is.

Ynwenners fan de gemeente Ljouwert meie as earste kaarten bestelle foar it nijjierskonsert. Dat kin tusken 11 en 15 desimber. Dêrnei kinne ek minsken fan bûten de gemeente kaarten bestelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)