Bert Otten ynformateur gemeente Ljouwert

27 nov 2017 - 20:35

Bert Otten wurdt de ynformateur by de koälysjefoarming yn de gemeente Ljouwert. Otten wurket op it stuit by Radar Advies yn Amsterdam. Earder wie er PvdA-wethâlder yn Hengelo en vice-foarsitter fan it lanlike bestjoer fan de PvdA.

Earder waard al bekend dat yn de gemeente Súdwest-Fryslân Sander de Rouwe ynformateur wurdt. Yn Waadhoeke is dat Fred Veenstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)