Lutz Jacobi: "Ferdiel besunigings oer gemeenten"

27 nov 2017 - 20:22

Ljouwert moat net allinnich opdraaie foar de tekoarten op it sosjaal domein. De ferdieling fan besunigings op bygelyks de jeuchdsoarch moat earliker. Dat sei fraksjefoarsitter Lutz Jacobi fan de PvdA yn Ljouwert yn It Polytburo. Guon gemeenten hâlde jild oer - yn Ljouwerteradiel giet it om fiif miljoen - en derom moatte besteande kontrakten iepenbrutsen wurde, fynt Jacobi.

Yn Ljouwert giet nei de ferkiezingen de formaasje fan start. Sjoen wurde sil oft it besteande kolleezje fan PvdA, CDA en PAL/Grien Links útwreide wurde kin mei in fjirde partij. Lutz Jacobi is dêr wol foar. D66 en de VVD soe dêr kwa tal sitten yn de Ljouwerter ried foar yn oanmerking komme.

Trefwurden: 
Lutz Jacobi
(Advertinsje)
(Advertinsje)