"Miljeutsjinst moffelet ynformaasje oer ôffaloven wei"

27 nov 2017 - 19:52
De ôffaloven REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Harnzer stichting Toxicowatch wol foarearst net mear prate mei de Fryske miljeutsjinst FUMO oer de ôffaloven yn Harns. Toxicowatch is net te sprekken oer de problemen by de REC. De ôffaloven soe in soad dioksine útstjitte. Der soe ek gjin ûndersyk dien wêze nei de útstjit fan wetterstoffluoride.

Neffens Toxicowatch wurde de befiningen troch de FUMO weimoffele. Yn in reaksje jout de stichting Afvaloven Nee oan dat se har slim soargen meitsje oer de situaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)