Boartersguodbank Bûtenpost wol bekender wurde

27 nov 2017 - 19:41

Yn oanrin nei 5 desimber hawwe boartersguodbanken it ekstra drok. Dat is ek sa by de boartersguodbank yn Bûtenpost. It hiele jier troch kinne bystânsgesinnen dêr boartersguod útsykje. Mar sa foar 5 desimber komt der folle mear guod binnen en binne de frijwilligers drok mei de ynspeksje fan al it guod. De puzzels moatte fansels wol kompleet wêze en yn de autootsjes moatte folle batterijen sitte.

Boartersguodbank Op Stelten yn Bûtenpost wurdt draaiende hâlden troch húsmemmen Durkje, Jolanda en Marijke. "Doe't ik al dat boartersguod by my thús seach dat myn bern net mear brûke, tocht ik: 'dêr moat ik wat mei dwaan", seit Jolanda. Mei Durkje en Marijke is se yn 2015 úteinset mei de boartersguodbank Bûtenpost.

"We hawwe genôch guod, al hawwe wy wol wat ferlet fan guod foar famkes fan njoggen oant tolve jier. Fierders witte de minsken ús ek noch net sa goed te finen", seit Durkje. Se sitte by de kringloopwinkel yn.

Trefwurden: 
boartersguodbank
(Advertinsje)
(Advertinsje)