Skoal-tv sit achter Frysktalige vlogger Jennifer op Kurasao

27 nov 2017 - 19:10

Tûzenen Instagrammers en YouTubers folgje alle wiken de avontoeren fan de 19-jierrige Jennifer de Vries út Ljouwert. Se vlogt yn it Frysk fanôf it tropyske eilân Kurasao, dêr't se staazje rint yn de hoareka. Alteast, sa liket it. De filmkes binne yn sêne set foar de skoaltelefyzje op Omrop Fryslân Telefyzje. Njonken de omrop wurkje Afûk, Cedin en ROC Friese Poort ek mei.

Jennifer hjit yn it echt Laura Oosterloo en se komt net fan Ljouwert, mar fan It Hearrenfean. Programmamakker Halbe Piter Claus is ien fan de betinkers fan de Jennifer-vlog. "Wy woene wat dwaan oan it Frysk ûnderwiis foar MBO'ers. Dy binne tusken 16 en 22 jier âld. Benammen yn de soarch is it wichtich Frysk te ferstean, bygelyks mei âldere minsken." Dêrom rôpen de programmamakkers Jennifer yn it libben, sûnder te sizzen dat it fan Omrop Fryslân Skoaltelefyzje wie.

De fiktive vlogger sit op Kurasao dêr't de minsken Papiamintsk prate. Jennifer ferstiet dy taal net, en dat is in ferlykbere situaasje mei Fryslân. "De reaksjes binne oer it generaal positiyf", seit Laura. "Se snappe it net hielendal, mar fine it wol hiel leuk." Laura hat har rol fan Jennifer op in leauweardige wize oanpakt. Se hat ek in langer rinnende Facebooksite en Instagramaccount as Jennifer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)