Wurkstraf foar ferslave dy't frou oanriden hat

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Drachten hat in wurkstraf fan 200 oeren krigen foar it oanriden fan in frou. De man wie ferslave oan drank en GHB. Hy kaam krekt by de dokter wei mei in ferwizing foar in ôfkickklinyk. Dêrnei begûn er wat om te riden. Yn Sint-Nyk naam er in bocht te rom en ried er in frou oan. Sy rekke swier ferwûne.
De man is faker feroardiele foar it riden mei tefolle alkohol op. Ferline jier krige er noch in wurkstraf, omdat er mei drank en GHB op mei de auto in tún yn riden wie.