Geert Mak hat Prins Bernhard Cultuurfonds Prijs 2017 krigen

27 nov 2017 - 16:30

Skriuwer Geert Mak hat moandeitemiddei yn Amsterdam de Prins Bernhard Cultuurfonds Prijs 2017 útrikt krigen. It giet om in priis fan 75.000 euro foar syn hiele oeuvre. De priis waard útrikt troch keninginne Máxima. De priis is bedoeld foar minsken dy't in soad dien hawwe foar kultuer, natuer of wittenskip. Neffens de sjuery hat Mak in grutte steat fan tsjinst as skriuwer fan histoaryske boeken. Mak, bekend fan it boek 'Hoe God verdween uit Jorwerd', wennet ôfwikseljend yn Amsterdam en yn Fryslân. Earst yn Bartlehiem, mar hy hat dit jier in hûs kocht yn Jorwert.

"Door zijn ongeëvenaarde verteltrant heeft hij de historie voor velen tot leven gewekt. En niet alleen de geschiedenis van Nederland, maar ook die van Europa", neffens it Prins Bernhard Cultuurfonds.

"Koningin Máxima was hartverwarmend", sei Geert Mak nei ôfrin tsjin Omrop Fryslân. "Ik was wel een beetje zenuwachtig, want je weet niet wat er gaat gebeuren. Maar het was heel leuk. Nynke Laverman trad op. En er waren gedichten van Gysbert Japicx op muziek gezet. Fries, maar het was ook Amsterdams en Amerikaans. Zoals ik ben. "

"Vanavond is er nog een receptie en daarna ga ik met vrienden eten. Dat wordt heel gezellig, dat weet ik nu al. Ik ben ook alweer met een nieuw boek bezig. Dat gaat over Europa. Daar gebeurt van alles. De geschiedenis draait op volle toeren", sei Mak.

(advertinsje)
(advertinsje)