Harkyt krijt wurkstraf foar mishanneling op doarpsfeest

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In jonge fan 19 út De Harkema hat fanwege in swiere mishanneling in wurkstraf fan 120 oeren krigen. De jonge hie op it doarpsfeest fan 't simmer in oare jonge tsjin de holle skopt. Neffens tsjûgen hie de fertochte it slachtoffer út it neat wei in klap ferkocht. En doe't dy op de grûn fallen wie, hie er him in pear kear tsjin de holle skopt.
De fertochte sei dat er himsels ferdigene hie, doe't it slachtoffer mei in pear maten op him ôf kaam wie. Mar neffens de rjochter wie dêr gjin bewiis foar.