Reedrider Jesper Hospes net nei wrâldbeker yn Salt Lake City

27 nov 2017 - 15:31
Jesper Hospes - Foto: awfoto.nl

Reedrider Jesper Hospes fan It Hearrenfean mei net meidwaan oan de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City. Op basis fan de resultaten by it Nederlânsk kampioenskip hie Hospes him kwalifisearre foar de 500 meter, mar neffens de seleksjekommisje fan it reedrydbûn KNSB makket Hospes gjin kâns op in plak by de earste 24. Michel Mulder einige op it kampioenskip achter Hospes, mar heart wol by de top trije fan de wrâld, seit de KNSB. Op basis fan oare resinte resultaten mei Mulder dêrom foar Hospes nei Amearika.

By it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen yn Hearrenfean waard Hospes achtste, mei 35.52. Mulder waard njoggende mei 35.58. De earste fiif riders meie meidwaan oan de wrâldbekerwedstriden. Trochdat trije riders net nei Amearika wolle, ûntstiet der romte foar de riders dy't har earst net kwalifisearren. As it KNSB it reguliere skema oanholden hie, hie Hospes dêr by west.

(advertinsje)
(advertinsje)