Wurkstraf foar fraudearjende direksjefoarsitter fersekering

27 nov 2017 - 15:17
Foto: ANP XTRA

In man út Grou is feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren foar oplichting. De man wie direksjefoarsitter fan fersekerder De Noorderlinge en hat dêr yn fiif jier tiid mear as in heal miljoen euro oan fersekeringsjild fertsjustere. Dat die er troch skeadossiers dy't al sletten wiene, wer te iepenjen en dêr nije bedragen foar skea yn te setten. It jild makke er oer nei syn eigen rekken. Dat die er omdat er finansjeel oan de grûn siet.

De man hat mear as de helte fan it jild werombetelle troch syn besittingen te ferkeapjen. Fan de rjochter moat er de rest ek werombetelje.

(advertinsje)
(advertinsje)