Lisanne sit op Baly: "Ik heb wel extra boodschappen gehaald"

27 nov 2017 - 15:40

Lisanne van der Meulen út Noardburgum wennet tydlik yn Baly. Hiel noflik is it dêr no net, want fulkaan Agung is aktyf. Reek en de jiske streame derút en minsken dy't der tsien kilometer omhinne wenje, wurdt advisearre om fuortendaliks it gebiet te ferlitten. Sa'n 40.000 omwenners binne fuortgien, mar tsientûzenen moatte noch fuort.

"Ik woon zestig kilometer van de vulkaan vandaan, ik kan het hier vandaan niet zien," fertelt Lisanne yn De Middei fan Fryslân. Se sit sûnt begjin oktober op Baly foar har ôfstudearskripsje. Se studearret ergoterapy en bliuwt dêr oant jannewaris. "Wel merk ik dat mensen op straat mondkapjes dragen en er zijn minder mensen op straat. Zelf heb ik ook maatregelen genomen voor als de vulkaan gaat uitbarsten. Ik heb voor een paar dagen boodschappen in huis gehaald, dus ben er wel mee bezig."

It is net dúdlik wat de fulkaan docht. "Het hangt van de windrichting af, die nu richting Lombok staat. Het vliegveld is ook dicht heb ik gehoord. Ik zit hier redelijk veilig, ik ben er niet echt bang voor, maar hou wel het nieuws in de gaten. Het thuisfront is wel wat ongerust, maar ze weten hoever ik van de vulkaan af zit, want ze zijn hier zelf een paar weken geleden op vakantie geweest."

(advertinsje)
(advertinsje)