Natuer yn Noard-Fryslân krijt opknapbeurt

27 nov 2017 - 14:03

De natuer yn it noarden fan Fryslân krijt in grutte opknapbeurt. It giet om natuergebieten dy't bûten de Ekologyske Haadstruktuer falle, lykas de Wide Mar by Stiens, Driezumer Mar en Janke Wiel. Steatsboskbehear hat der in plan foar makke en jild krigen fan de provinsje. It giet om in bydrage foar ien kear.

It wurk bestiet ûnder oare út opknappen fan de wetterhúshâlding en houtsingels, it oanlizzen fan feeroasters en it befoarderjen fan toerisme, bygelyks troch it oanlizzen fan in fûgelkykhutte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)