Beswieren Waaksma en De Jong oan kant skood

27 nov 2017 - 13:57
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Taksybedriuwen Waaksma en De Jong hawwe har rjochtsaak tsjin de oanbesteging fan it taksyferfier yn seis gemeenten yn Noardeast-Fryslân ferlern. De twa bedriuwen fine dat de oanbesteging net earlik ferrûn is en stapten dêrom nei de rjochter. Dy bepaalde moandei dat de beswieren fan de twa bedriuwen net terjochte binne. De seis gemeenten binne bliid mei it beslút fan de rjochter. De bedriuwen dy't it taksyferfier wol krigen hawwe, begjinne dêr op 8 jannewaris mei.

Pytsje de Graaf, foarsitter fan it bestjoer fan it Mobiliteitsbureau dat de kar makke hat is wiis mei it resultaat. "Dit fonnis befêstiget dat wy dit soarchfâldich en neffens de spulregels dien hawwe. It betsjut ek dat we einlings begjinne kinne mei it nije ferfiersysteem foar Noardeast-Fryslân. It giet oan. Dat is ek goed nijs foar de oare ferfierders. Troch dizze nije wurkwize soargje we derfoar dat ek oer tsien jier de minsken dy’t dat nedich hawwe by de dokter of skoalle komme kinne."

Taxi Waaksma giet net yn heger berop, seit Rienk Waaksma fan it bedriuw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)