"It is nea te let om mei bitcoins te begjinnen"

Bitcoin © ANP
Hast do ek bitcoins? In bitcoin is elektroanysk jild. Fia de kompjûter kinst dit nei mekoar oermeitsje, sûnder tuskenkomst fan in bank. De koers fan dizze digitale munt stiet op rekôrhichte. Ien bitcoin is no hast 10.000 dollar wurdich. En dan te betinken datst begjin dit jier foar deselde munt noch 'mar' tûzen dollar krije koest.
Ast oan bitcoinhannel tinkst, sjochst miskien fan dy 'snelle' jonges yn djoere pakken foar dy, mar dat hoecht net sa te wêzen. Ek 'gewoane' Friezen hawwe bitcoins of in part fan in bitcoin. De munt kinst ek yn lytse stikjes keapje. Kinst sels foar 50 euro wol in stikje keapje. Ek de wearde dêrfan giet dan omheech as de koers omheech giet.
Jorrit Meinsma wurket as kameraman by Omrop Fryslân. Hy is der noch net sa lang lyn mei begûn. Jorrit: "No it begûn fan 't simmer doe't in kollega fertelde dat hy ek bitcoins hie en dat hy dêrfan in auto kocht hie. Dus doe tocht ik, dan moat ik der ek mar ris nei sjen hoe't it sit." Jorrit wit noch net oft hy se gau ferkeapje sil. "Ik ha net echt in punt wêrop't ik sis fan no ferkeapje ik. Dat doch ik op it momint dat ik tink, no hat it goed west, no pak ik myn jild".

Yn Fryslân binne in pear winkels dêr'tst dyn oankeapen mei de munt digitaal betelje kinst. Ek de Aldheidkundige klup Warkums Erfskip hâldt him mei de munt dwaande. Neffens ponghâlder Gerrit Twijnstra dogge se dit om mear publisiteit te krijen. "Der binne in hiel soad sites, dêr'tst op oanjaan kinst rûnom wei, yn de hiele wrâld, bitcoins te akseptearjen."
Twijnstra hat sels fiif jier lyn twa bitcoins kocht. Dy wiene doe 250 euro. De wearde is no flink omheech gien, mar ek hy tinkt noch net oan ferkeapjen.