Jubilearjend Keramiekmuseum krijt seldsume fazen

27 nov 2017 - 13:08
Foto: Foto: Jaap Schaaf, Fotobureau Hoge Noorden

It Keramiekmuseum Princessehof hat in seldsum pear ierdewurk fazen krigen fan de Ottema-Kingma Stichting (OKS) dy't moandei syn jierlikse sympoasium hat. De iepenwurke fazen binne makke yn de Amsterdamske ierdewurkfabryk Blankenburg, dy't fan 1755 oant 1764 aktyf wie. Mar in pear, lytsere stikken út dit fabryk binne bewarre bleaun.

De fazen binne yn Rococo-styl dekorearre mei blêden en fruchten, de deksels besteane út nestjes fol mei fûgeltsjes dy't op har fretten wachtsje. Nei de weriepening fan it museum sille de fazen foar it publyk te sjen wêze. It museum bestiet dit jier hûndert jier en giet nei in ferbouwing sneon wer iepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)