Gefaarlike Snitser bestjoerder sûnder rydbewiis oppakt

© ANP
In 44-jierrige Snitser is snein troch de plysje oanhâlden fanwege gefaarlik rydgedrach. De plysje krige melding dat de persoan hast ûngelokken feroarsake. Op de Sintrale As by De Westereen krige hy in stopteken fan de plysje mar reagearde hjir net op. Ek doe't aginten foar him riden gongen mei it 'folch'-teken, kaam der gjin reaksje. Hy helle doe de plysje sels noch twa kear yn. Dêrby slingere hy oer de dyk.
Omdat er stadich ried, waard er fierder folge oant Dokkum. Doe't er oan it Fûgellân de auto parkearde koe hy oanhâlden wurde. Hy woe him noch los lûke mar dit slagge net. De man wie ûnder ynfloed fan drugs. Hy hat ek gjin rydbewiis.