"Harlinger Courant kin noch 166 jier mei"

27 nov 2017 - 12:50

De Harlinger Courant hâldt op as abonneekrante. De krante komt no noch twa kear yn de wike út, mar fan jannewaris ôf wurdt dat ien kear yn de wike, as hûs-oan-hûsblêd. Yn de gemeente Harns wurdt er tenei fergees besoarge. Lêzers dy't yn in oare gemeente wenje, kinne de krante ek noch wol krije, mar dan moatte se wol de portokosten betelje.

De Harlinger Courant bestiet al 166 jier en neffens Jurgen Drost, direkteur-eigener, kin de krante yn de nije formule ek noch 166 jier mei. "Het aantal abonnees liep iets terug, maar in de toekomst verwachten we niet meer abonnees aan te trekken. Mensen zoeken hun nieuws via andere wegen op de sociale media." Se woenen wol graach dat de titel bestean bliuwe soe. "Met de nieuwe formule zijn we overtuigd van het succes en hebben we vertrouwen in de toekomst. We wilden niet te laat zijn om de krant toekomstbestendig te maken."

Fan de 21 meiwurkers kin ien kontrakt net ferlinge wurde, de oare minsken bliuwe oan it wurk. De hûs-oan-hûskrante hat aanst sântûzen adressen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)