Radio Stad Harlingen en Eenhoorn prate oer fúzje

27 nov 2017 - 11:49

De lokale radiostjoerders yn Harns en de nije gemeente Waadhoeke wolle mei elkoar fierder. De bestjoeren fan Radio Stad Harlingen en Eenhoorn binne mei mekoar yn petear oer in fúzje. Kommend jier moat der mear dúdlik wurde. De plannen komme út it foarnimmen fan de Organisatie van Lokale Omroepen in Nederland, dat lokale omroppen mear gearwurkje moatte.

It bestjoer fan Radio Stad Harlingen hat it oer in ''bytsje twongen'' gearwurking, mar seit dat de omroppen mekoar al goed fûn ha. Eenhoorn en Radio Stad Harlingen wurkje ynsidinteel al gear, lykas mei de PC yn Frjentsjer. De programma's sille sa folle as mooglik itselde bliuwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)