Plysje sjocht gjin ferbân tusken autobrannen Ljouwert

27 nov 2017 - 11:32
Utslaande autobrân oan de Werkmanslust yn Ljouwert - Foto: Robert Jan Boonstra

De plysje sjocht foarearst noch gjin ferbân tusken de autobrannen fan de lêste tiid yn Ljouwert. Neffens in wurdfierder is it noch te betiid om te sizzen dat in pyromaan aktyf is. De oarsaak foar de brannen kin neffens de plysje hiel ferskillend wêze. Der kin sprake wêze fan koartsluting, fersekeringsfraude of in rûzje yn de relaasjesfear. Om't yn in stêd as Ljouwert in soad auto's by mekoar stean op parkearterreinen, is de kâns grut dat by in brân meardere auto's skansearre reitsje.

Sneintemoarn betiid rekken trije auto's op de Werkmanslust swier skansearre by in brân. De plysje docht hjir ûndersyk nei om't mooglik sprake is fan brânstichting. Tsjûgen kinne harren melde by de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)