FIDEO: Ferkearsgaos yn Ljouwert

27 nov 2017 - 16:11

Yn Ljouwert wurdt al in skoft op ferskate plakken wurke en dat soarget bytiden foar gaos yn it ferkear. Hielendal no't mear minsken fanwege it minne waar yn de auto stappe, rint it gauris fêst.

Guon strjitten en diken binne ôfsletten en automobilisten moatte omride. Sûnt in wike hat de gemeente dêrom op guon plakken ferkearsregelers ynset. Bygelyks foar it stasjon, de Oostergowei en de rotondes by de Sintrale. Op it stuit binne de strjitten by it Blokhúsplein ôfsletten. Dat soarget ek foar ekstra drokte op punten yn de stêd. Neffens Bart van der Scheer fan de gemeente Ljouwert sille de wurksumheden ein desimber wol klear wêze en sil it ferkear dan wer wat trochride kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)