At the Watergate yn Snits begjint dei earder

27 nov 2017 - 10:23
Foto: Jeroen van der Kallen

It muzykfestival At the Watergate yn Snits begjint in dei earder. De offisjele iepening fan it festival mei mear as 7.000 dielnimmers út binnen- en bûtenlân is noch hieltyd op 9 maaie. Mar om't in diel fan de muzikanten al op 7 en 8 maaie oankomt, jouwe se yn de oanrin fan de iepening fêst optredens. It giet om repetysjes dy't ek foar publyk tagonklik binne. Benammen de Snitser muzyklearlingen en de goed tûzen Dútske dielnimmers hiene der om frege.

Nei de iepening op 9 maaie folgje twa dagen fol optredens. At the Watergate wurdt hâlden yn it ramt fan Kulturele Haadstêd.

Trefwurden: 
At the Watergate Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)