Feriene Lofts stipet meiwurkers De Friesland

Wurknimmers fiere aksje © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Meiwurkers fan soarchfersekerder De Friesland krije stipe fan de fraksje fan Feriene Lofts yn harren striid tsjin de fúzjeplannen mei Zilveren Kruis. De fraksje is begûn mei in petysje op Petitie.nl. Se fine dat meiwurkers tenei meibeslute moatte oer fúzjeplannen. Dat moat foarkomme dat der hast automatysk ûntslaggen folgje nei in fúzje. Dit giet neffens de fraksje in stap fierder as de ynspraak fia de ûndernimmingsrieden.
Feriene Lofts ropt klanten fan de soarchfersekerder op om it personiel te stypjen.