Kollum: "Fuck you"

27 nov 2017 - 08:24

"Ferline wike hiene wy as kollumnisten in temawike oer Sinteklaas. Dizze wike wol ik it graach oer krystdagen ha. Oer krystpakketten wol teferstean. Hast elkenien fan ús krijt krekt foar de krystdagen in lytse attinsje fan syn baas. Dêr't de iene noch âlderwetsk in doaze fol mei allerhanne fretterij krijt, kinst by oare bazen dyn eigen krystpakket byinoar shoppe op ynternet. Hokker pakket ast ek krijst, it makket eins neat út. It giet om it idee dat de baas wiis mei dy is. It gefoel datst wurdearre wurdst.

By ABN Amro tinke se dêr krekt wat oars oer. Dêr waard it krystpakket ferline jier skrast. Fanwege de minne finansjele situaasje fan de bank moast de krystattinsje út de begrutting helle wurde. Undertusken strutsen de hege bazen eindejaarsbonussen op dêr't elke meiwurker wol tsien pakketten fan krije koe. Mar goed, dêr ha wy it net oer fansels. Gjin krystpakket want de bank siet yn swier waar. Dêr moast as meiwurker fansels simpelwei mar begryp foar ha.

Dit jier like ABN Amro te snappen dat in krystpakket toch eins wol sa netsjes is, want ôfrûne woansdei hiene alle meiwurkers in mailtsje fan de bank. Se krigen in Echo Dot foar harren 'tomeloze inzet' stie yn it berjocht te lêzen. Ik hie gjin flau idee wat in Echo Dot is, mar dat blykt in apparaatsje te wêzen dat dy op 'e hichte hâldt fan it lêste nijs, berjochten ferstjoere kin en muzyk ôfspilet. Mei oare wurden: ferrekte moai dinkje.

Mar wat blykt no? De mail wie in test om te sjen hoe gefoelich de 17-tûzen meiwurkers fan de bank binne om falske e-mails oan te klikken. Dizze saneamde phishingmail kaam fan de eigen ICT-ôfdieling en wie ferstjoerd mei as ôfstjoerder ABN Armo.nl. Dus wa't entûsjast op it linkje klikte om him oan te melden foar it krystpakket, krige it lid op 'e noas. Yn byld kaam it boadskip datst yn de fal trape wiest.

Ik lies it berjocht op ynternet en it hier gong my rjocht oerein stean. Wat in alderferskriklikst stomme aksje. Wa betinkt soks? Datst ferline jier it krystpakket skrast is al ûnnoazel, mar dan ek noch sa'n ferfolchaksje. Net te leauwen. Ik hie as meiwurker sein: wist wat, stik der yn. Doch it lekker sels en stek dy Echo Dot mar op in plak dêr’t de sinne hast net skynt. Ja toch?

No wit ik wol; foar in bankmeiwurker lizze de banen hjoed-de-dei net foar it oprapen. Dus tagelyk moatst ek foarsichtich wêze mei watst ropst. Mar ik hie it der net by sitte litten. Ik wie mei in counter attack kaam dêr’t se dêr yn de bestjoerskeamer net fan werom hiene. Want mei 17-tûzen minsken stiest sterk. Sa sterk, datst it hiele bedriuw platlizze kinst.

Soe’t net in leuke aksje wêze om de eindejaarsbonussen fan de grutte bazen dit jier nei in goed doel te stjoeren? Nei de Voedselbank, it Leger des Heils, de CliniClowns, stichting Doe Een Wens en gean mar troch. Mei oare wurden: in bonus dêr’t hiel Nederlân wat oan hat.

En dan soe ik de hege hearen en froulju in mailtsje stjoere. Dat se dit kear gjin bonus krije, want tsja; it is finansjeel noch altyd dreech om de toutsjes oan elkoar te knoopjen. Net foar harren fansels, mar foar de rest fan Nederlân. Dus dêrom giet it jild dit kear nei minsken dy’t der werklik behoefte oan ha. Dêr kinne se yn de top fan it bedriuw fansels allinnich mar begryp foar ha.

En dan ûnderoan yn de mail in linkje, mei as tekst: ‘Wolst no leaver net dyn bonus fuortjaan, klik dan hjir’. Wa’t it linkje oanklikt krijt in helder en koart berjochtsje. ‘Sneue hazze. Do bist te deun om sels dyn sinten fuort te jaan, mar in krystpakket foar de meiwurkers, ho mar. Dit is gjin phishingmail, mar do kinst no wol nei dyn sinten fiskje. Ien goedmakkerke: by de baly leit in Echo Dot op dy te wachtsjen. Der stiet alfêst ien bonustrack op…" (muzyk Lily Allen - fuck You)

Trefwurden: 
Kollum Nynke van der Zee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)