Drukkerij Van der Eems: "Sels krystkaarten meitsje populêr"

27 nov 2017 - 08:09
  • Gerrit de Boer by Van der Eems
  • Gerrit de Boer sjocht by it drukken fan de kaarten

Drukkerij Van der Eems yn Easterein makket him op foar in drokke tiid. Der wurde wer hieltyd mear krystkaarten ferstjoerd en dy wurde by Van der Eems drukt. Neffens direkteur Durk-Jorrit van der Eems is it wer hip om echt in kaart te ferstjoeren. De digitale krystkaart dêr kinst gjin emoasje mei oerbringe. Van der Eems: "Einliks leeft it wer opnij op. Benammen troch de opkomst fan ynternet is it tsjintwurdich wer mooglik om foar in legere priis dyn eigen krystkaart te meitsjen. Misken kinne sels in ûntwerp meitsje mei tekst en foto's. De kâns dat der noch ien is mei deselde kaart is ûnmooglik."

De drokke tiid by Van der Eems begjint fan dit wykein ôf. Dan wurdt der sân dagen yn de wike wurke. "Foaral nei Sinteklaas dan giet it echt twa wiken ferskriklik mâl. Dan is it oerlibje", seit Van der Eems. 

(advertinsje)