Ferkear moat oppasse: soad rein en hurde wyn ferwachte

Tige min sicht by rein © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Ferkear op 'e dyk moat moandeitemoarn rekken hâlde mei in soad delslach en hurde wyn. Dêrfoar warskôget Rykswettersteat. Fan fiif oere ôf hat Fryslân te krijen mei swiere buien.
Op guon plakken kin wol tweintich milimeter delslach falle. Oan de kust stiet in stoarmige wyn, mei wynstjitten oant tachtich kilometer yn de oere.