Fryske sporters op shortlist foar Sportgala NOC*NSF

26 nov 2017 - 19:47
Foto: ANP

Der stean hiel wat Fryske sporters op de shortlist foar it NOC*NSF Sportgala op 19 desimber. It NOC*NSF en de NOS meitsje elk jier, yn gearwurking mei de sjuery, in list fan alle grutte sportprestaasjes. Dit jier waard snein foar it earst in saneamde shortlist publisearre, fan wêrút de sjuery takom wike de definitive nominaasjes kieze sil. Earder waard ek altyd sa'n shortlist makke, mar it is de earste kear dat dy no ek nei bûten brocht wurdt.

Hiel wat Friezen

De Fryske sportmanlju Sjinkie Knegt en Sven Kramer stean op de shortlist foar it Sportgala. Ek sylster Marit Bouwmeester fan Warten docht mei om de priis foar sportfrou fan it jier. Yn de kategory coach fine wy ek twa Friezen werom: sylcoach Roelof Bouwmeester en Eelke van der Wal, trainer fan de paralympyske fytsers.

Ek de al jierren yn Fryslân wenjende reedriders Jan Smeekens en Ireen Wüst stean op de list.

Op 3 desimber wurdt bekend makke hokker sportlju nominearre wurde sille. De echte stimming fynt op 19 desimber plak by it Sportgala, krekt foar de telefyzje-útstjoering fan de NOS.

Trefwurden: 
NOC*NSF sportgala sport
(Advertinsje)
(Advertinsje)