Mear jonge skriezen grut wurden as yn foargeande jierren

26 nov 2017 - 18:40

Der binne lanlik sa'n 12.000 jonge skriezen grut wurden dit jier. Dat hat de Fûgelbeskerming snein bekend makke. Dat binne der mear as de foargeande jierren, mar noch hieltyd net genôch om de hjoeddeistige populaasje fan 34.000 skriezen yn stân te hâlden. Dêrfoar hienen it der 18.000 wêze moatten. Trochdat it waar behoarlik goed wie de ôfrûne maitiid, wienen der yn ferhâlding mear ynsekten en dat betsjut mear fretten.

Om mear skriezepiken grut te krijen, binne der mear krûderike greiden nedich, seit Kees de Pater fan Fûgelbeskerming Nederlân. Hy sjocht wol dat der op lanlik nivo mear omtinken liket te kommen foar greidefûgels en maatregels dêr't de fûgels fan profitearje. De kommende maitiid helpt it al in soad om mear 'plas-dras' gebieten te meitsjen yn greiden. Op koarte termyn helpt ek de bestriding fan benammen de foks.

Trefwurden: 
skries fûgel natuer
(Advertinsje)
(Advertinsje)