Nederlaach Snits Wyt Swart, winst foar VV Hearrenfean

In eardere wedstriid fan Snits Wyt-Swart © awfoto.nl
Fuotbalklup Snits Wyt Swart hat sneintemiddei mei 3-1 ferlern fan De Bataven út Gendt. Yn Gelderlân kamen de besikers al nei ien minút op efterstân troch in goal fan Nunes. Tsien minuten letter lei de bal wer yn it net. Van Huet skoarde doe it twadde doelpunt foar De Bataven. Krekt foar it skoft makke de thúsploech ek de 3-0. It iennige doelpunt fan Snits Wyt Swart kaam yn de fyftichste minút op namme fan Lubbers.
VV Hearrenfean slagge der sneintemiddei wol yn in oerwinning te pakken. Thús wûn de ploech mei 1-0 fan RKHVV út Huissen. Doelpuntemakker foar de Feansters wie Kevin Regts, dy't yn de 51ste minút de wedstriid besleat.