Frysk oernachtingsnetwurk foar pylgers krijt foarm

26 nov 2017 - 17:45

Der wurdt hurd wurke oan in netwurk fan spesjale oernachtingsplakken foar pylgers yn Fryslân. Dizze saneamde refugio's kinne dan brûkt wurde foar in pylgertocht nei Sint-Jabik takom jier, en as it heal kin ek dêrnei. Fryske leden fan it Nederlands Genootschap van Sint Jacob binne hjirfoar frege. It projekt hjit Santiago oan it Waad en makket diel út fan de aktiviteiten rûnom Kulturele Haadstêd.

Pylgertocht

Dan kuierje en fytse der minsken yn estafettefoarm oer in ferskaat oan rûten, fan de Belgyske grins nei Sint-Jabik en Swarte Haan, in soart omkearde pylgertocht. Nei it suden ta hawwe je spesjale refugio's dêr't je as pylger oernachtsje kinne en bytiden ek wat te iten krije kinne. Foar de reformaasje wienen der ek dat soart plakken yn Fryslân, mar dy binne der noch mar kwealik.

Njonken âld-pylgers dy't oan de rûte wenje, docht ek de stichting Alde Fryske Tsjerken mei. Lokale kommisjes besjogge oft se ek sliepplakken oanbiede kinne yn harren tsjerke. De tocht set op 3 febrewaris útein en de minsken komme op 25 july oan.

Trefwurden: 
pylger Sint-Jabik refugio
(Advertinsje)
(Advertinsje)