Kuorballers SCO thús ûnderút tsjin Wageningen

26 nov 2017 - 16:18
Foto: PEEM Fotografie

De kuorballers fan SCO binne sneintemiddei yn de seal yn Wolvegea tsjin in flinke nederlaach oanrûn. Yn de partij yn de haadklasse waard it úteinlik 18-27 yn it foardiel fan Wageningen. By rêst stienen de gasten al op foarsprong: 7-13. Yn de twadde helte boude Wageningen de skoare noch fierder út. SCO kaam dêrnei net mear yn de buert fan de besikers.

Takom wike snein spylje de kuorballers in wedstriid tsjin Grins.

Trefwurden: 
SCO kuorbal Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)