Nyck de Vries njoggende yn lêste race Formule 2

26 nov 2017 - 15:50

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat syn Formule 2-seizoen snein sûnder spektakel ôfsletten. Yn de sprintrace yn Abu Daby kaam De Vries as njoggende oer de streek. Kampioen Charles Leclerc fan Monako besleat syn geweldige seizoen mei in oerwinning. Twadde einige Alexander Albon, it lêste poadiumplak gie nei Nicholas Latifi.

Sneon koe de Fryske autokoereur nei in goed begjin ek gjin yndruk meitsje. Yn dy haadrace einige De Vries op it sechde plak. Nyck de Vries moat no oant nei de winter wachtsje op it nije seizoen fan de Formule 2. Takom jier rydt er foar in oar team: Prema Racing.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule 2 racen
(advertinsje)
(advertinsje)